DE TWA DOARPEN



It hรขldt net op! (Afl. 3)

Geplaatst op: 13-01-2019

De natoer en it waar fanôf moandei 5 novimber, in dei dy’t begjint mei leechhingjende bewolking. It is skier oer it fjild, it fielt kâld oan, wy hawwe de sinne hjoed net sjoen. Mar de waarberjochten foar fierder de kommende wike: maitydswaar yn novimber, fannacht al 6-7 graden.
Dit hjir noch efkes tuskentroch, eat dat wol hiel bysûnder is. It is hjoed 6 novimber, mar ek nei dy twa nachten mei froast fan ferline wike hinget de helte fan de blêden noch oan de beammen, en de wylch stiet der noch by as wie it simmerdei. Wol hiel bysûnder dizze hjerst.
Noch mear bysûnder nijs foar hjoed, noch wer in waarmterekord. Fan ’e middei waard it ek hjir 17 graden, en dat op 6 novimber. De lêste kear dat dat metten is op dizze datum wie yn 1966.
Ek hjoed woansdei 7 novimber begjint wer mei in skitterjend moaie sinne-opkomst, mei in temperatuer fan ’e moarn fan 9,6 graad. Mar dan komt der al gau bewolking op ’e middei mei 14 graden. It bliuwt droech, de kij kinne noch gewoan it lân yn. Trekkers kinne noch op it lân, der wurdt alwer wâlfreesd.
Yn it wykein fan 10 en 11 novimber komt der in depresje oer, wy hawwe der ek wat buikes fan hân.
Op tiisdeitemoarn hat ús reinmjitter 10 mm wetter en om acht oere is it 10 graden. De sinne hat it dizze dagen wol ôfwitte litten, mar de wyn net, en mei dizze wyn en it donkere waar, wurde ek de beammen kealer.
It is hjoed 13 novimber, ‘wintertiid’. Tsjin achten komt de sinne op, en justermiddei om kertier foar fiven gong dizze yn in skitterjend moaie reade loft wer ûnder. En jûns in moaie reade loft betsjut moarn wer moai waar.
En dat wie ek sa, allinne, en sa binne de berjochten ek al, it wurdt wat kâlder. Oerdei noch krekt de dûbele sifers, mar nachts noch krekt boppe it friespunt. Wy sjogge dit ek yn de natoer, de beammen binne hast keal, en ek de blommen litte sjen, sy hawwe hjir gjin nocht mear oan, de nachten wurde har te lang. De sinne giet alle dagen fierder by ús wei, en de skaadplakken wurde langer.
Op snein 18 novimber lei op de lije plakken in skyltsje iis op ’e sleat; dit wie foar it earst dizze hjerst.
Ek moandeitemoarn wie dat sa by temperatueren krekt ûnder nul, mar oerdei mei hurde east-noardeastewyn is it roetkâld mei 4 oant 6 graden. En noch altyd droech… Ek de melkkij hawwe nei snein net wer yn it lân west; wol hjir en dêr noch wat jongfee.
Mar hjoed freed 23 novimber komt de sinne wer achter de bewolking wei, it is noch wol kâld mei deis krekt boppe en nachts nul of krekt der wat ûnder. Oan de waarberjochten sil dit wer feroarje, mar net earder as mids nije wike.
Dat hat ek sa west. Op woansdei 28 novimber moarns om njoggen oere wie it noch 1,5-2 graden en middeis tsjin seizen wie it hast sân graden mei wat lichte rein. En sa hat it de hiele nacht wat troch dript en sit der tongersdeitemoarn om njoggen oere hast 7 mm yn de mjitter, by in temperatuer fan 9,5 graad, mei sudewyn. Dit is wol hiel wat oars as it iisbearewaar dat wy de lêste goed tsien dagen hân hawwe, lege temperatueren mei hurde east-noardeastewyn. Dat makket dat it folle kâlder oanfielt.
Dit hawwe wy earst wer hân, it is wat wikselfallich, mar de wettermjitters kinne it noch wol oan, en op sneintemiddei wie it alwer 12 graden. Pyt Paulusma hie it al oer bûtensitterswaar, mar dan moatst wol in hiel bysûnder plakje hawwe.
Moandeitemoarns om acht oere wie it by ús achterhûs 11 graden, alwer in waarmterekord. Wy moatte werom nei trije desimber 1954; doe 64 jier werom, wie de temperatuer ek sa bysûnder heech, mei de wyn no út it west-súdwesten, wynkrêft 4/5.
Mar as ik fan ’e moarn Pyt Paulusma syn waarberjocht hear, dan kin it om dizze tiid wer hiel hurd oars. Sa neamde hy by it waarberjocht fan tiisdei op woansdei alwer nachtfroast, en sa hat et ek west. By in prachtige sinne-opkomst yn in reade loft, is it lânskip hielendal wyt en foar dejinge dy’t yn de auto fuort moat, en dy nachts bûten te stean hat, is it autorútskraabjen.
It is hjoed 5 desimber, de dei foar Sinteklaas syn jierdei. Al mei al witte wy dat wy yn de wintertiid sitte, mei hiel koarte dagen. De sinne-opkomst wie om healwei njoggenen en fan ’e middei sakket hy om healwei fiven wer achter de kime, safier as wy sicht hawwe.
Dan alwer in waarmterekord, de nacht fan tongersdei op freed 6 en 7 desimber in temperatuer fan goed 8 graden. It is wintertiid mei hjerstwaar, reinich mei hurde en stoarmige wyn. Sa bliuwt it ek it wykein oer; fan sneon op snein mei plensbuien sit der goed 29 mm yn de mjitter. Yn de nije wike sil it wer wat stabiler wurde, mar ek kâlder, en sa’t ús waarman Jan Jonkman seit, wy kinne al even oan de winter priuwe. It is gewoan in hin-en-werspultsje, it is mar krekt wêr’t de wyn wei komt en hoe hurd oft it waait. Sa giet it ek yn de wike fan 10 oant 16 desimber. Op sneintemoarn leit der foar it earst dit winterskoft 1,5 sentimeter snie; dêrmei is de hiele wrâld om ús hinne wyt. Middeis om seis oere is alles wer grien wat grien wurde kin, mar wy witte, wy sitte yn de donkere dagen foar Kryst.
It is hjoed freed de 21ste desimber, de koartste dei fan 2018. De sinne is opkommen om kertier foar njoggenen en de grutte waarmte- en ljochtbron sil ús fan ’e middei om healwei fiven wer ferlitte. Ik haw it wolris faker neamd hoe belangryk oft de sinne foar ús is: it is it libben, it is alles, in net te begripen alles. Sjoch it, moarn ek; wy geane dan wer fierder ta de oarder fan de dei, en as it kin, dan moat dat ek.
It wie in wiete nacht mei buien en plensbuien út it súd-súdwesten, goed 30 mm siet der yn de mjitter, en ek yn dizze tiid is it alle dagen wer nij.
Wy sitte foar de Krystdagen en Ald en Nij, en hielendal gjin wite kryst. Kening Winter docht net mei oant oer de jierwiksel. Ek nachts net, oerdei 6,7,8 en sels yn de dûbele sifers, moandei, âldjiersdei, wie it gewoan einepikewaar mei middeis 10 en nachts 6 graden. Ik haw noch altyd de blommen bûten, nachts soms binnendoar, mei kâlde en hurde wyn.
It weromtinken oan dizze lêste trije moannen fan 2018, wy hawwe it meiinoar hjir goed hân, dat de temperatuer trochmekoar in bytsje heger west hat. Dat fielde ek goed oan. Dit is de twadde goed al yn dizze lêste rigels. Eartiids op skoalle wie in goed sifer in 7. It sifer foar dizze lêste trije moannen fan 2018: in 7.

Klik hier om het stuk te downloaden of printen.
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA