DE TWA DOARPEN



Konsert foar Stifting Stype Tadzjikistan yn Hichtum

Geplaatst op: 07-10-2019


Op snein 20 oktober om 14.30 oere is der wer in noflik en tagonklik mesykbarren yn ’e smûke tsjerke fan Hichtum foar it wurk fan Stichting Stype. Baukje Westra (blokfluit), Arjen Versloot (fioele) en Liuwe Westra (klavesimbel) spylje in pear fleurige sonates fan ’e komponisten Händel en Sammartini, Liuwe Westra spilet in stik fan ’e klavesimbelfantast Domenico Scarlatti, en Sebastiaan Schippers lit ferskate pearels hearre út ’e rike oargelliteratuer: Wesley, César Franck en Ashford. It oargel yn ’e tsjerke fan Hichtum stiet bekend as ien fan ’e moaisten fan Fryslân, en Sebastiaan Schippers wit krekt hoe't er dêrop ynspylje moat! Hy sil fierder ymprovisearje op fersyk en ús meiinoar sjonge litte. Nei ôfrin drinke wy meiinoar in bakje tee of kofje mei wat derby.
 
Tagong fergees; de fijwillige bydrage nei ôfrin is bedoeld foar it wurk fan de Stifting Stype Tadzjikistan. De stifting jout stipe oan hendikepte jonge minsken yn Tadzjikistan by it folgjen fan in stúdzje of oplieding.
 
 
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA