DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! Afl.4 - 2022

Geplaatst op: 23-01-2023

It hâldt net op! Afl.4 - 2022
 
Sneon 1 oktober begjint mei noch buiïge loften, en ek noch mei echte buien. Tuskentroch skynt de sinne ek noch. Mei hurde westewyn en yn ’e middei droech, mar de temperatuer hâldt net oer: krap 14 graden. Yn de buiïge loften ûnderom wyld mei tongerkoppen. Dit wie dan sneon.
Dan komt de snein. Moarns earst noch mei buieloften en buien, mar dan knapt it op; mei bewolking en sinne hawwe wy mei 16 graden in moaie snein.
Nei in frisse nacht nei moandei komt de sinne der wer flot by, ek mei wat skiere bewolking. De wyn dy’t noch út it westen komt, docht it rêstich oan. In droege en moaie dei mei 17 graden.
Dan tiisdei, bistedei. Sa hat elk syn foarkar. It begjint mei folop sinne, en de wyn, en dy is der, komt út it súdwesten mei sinne en bewolking. Op ’e neimiddei rekket it hielendal bewolke út it westen, mar it bliuwt droech. De temperatuer komt op 18 graden. It waaide wat hurd, mar dochs in moaie dei.
En sa is it woansdei, noch mei in hurde súdwestewyn. As ik sa moarns betiid om my hinne sjoch, ik wit dan ek wol dat it al 5 oktober is, mar wat begjinne de blêden oan de beammen al te ferkleurjen. Mar de sinne komt der al wer moai by. It hat de nacht oer droech west, mar it is fan beiden wat: sinne, mar ek bewolking. It waait echt hurd en dat is de hiele dei sa. Dêrom 17 graden. Op ’e jûn ek noch in bui
Dan tongersdei. De wyn is noch westsúdwest; mei sinne en bewolking start dizze dei, mar de wyn waait yn de rin fan ’e moarn mear súdsúdwest. Wer hurd dus! Fierder in moaie sinnige dei, dizze 6de oktober.
Ek dizze nacht is wer om as de sinne om tsien minuten foar achten wer alles ferljochtet. De wyn dy’t hjoed ek wer út it súdwesten wei komt, docht syn bêst om tsjindruk te jaan, mar it wie wol in heale stoarm. Letter op ’e middei bekomt it wat. It hat in droege dei west, en ek noch goed 16 graden.
Sneon, it waait noch hurd, mar no út it westen. Sinne, mar ek bewolking. It hat hjir in droege dei west, mar der sieten ek buikes oan de loft. De temperatuer koe net heger komme as 15 graden. As it wat minder hurd waaid hie, hie der in moaie dei yn sitten.
Snein, in hiele sinnedei, de hiele dei de sinne derby. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. Letter op ’e dei út it súdsúdwesten, en de temperatuer hat noch goed 15 graden west. Mar it fielde echt sneins.
Moandei is it bewolke mei hjir en dêr in glim fan ’e sinne. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. Alles meimekoar hiel oars as juster. It begjint fan ’e middei kaam er út it westen, en hawwe wy ek noch in buike hân mei 1,5 mm. De temperatuer kaam hjoed út op 14 graden mei op ’e middei ek noch de sinne derby. Ja, it is hjoed de tsiende fan de tsiende.
Tiisdei mei bewolking dêr’t de sinne achter sit, mar yn it súdwesten in helderblauwe loft. De wyn dy’t der is, komt út it westen. It giet hjir rêstich om en ta. Even letter is de sinne der al by en dat hat de hiele dei sa west. Ik kin wer in moaie dei byskriuwe. De temperatuer is 15 graden en dat komt troch de wat frisse westewyn.
Nei in rêstige nacht mei wat mistflarden is it woansdei. Mei in helderblauwe loft boppe en ûnderom wat bewolking, mar ek romte foar de sinne. De wyn dy’t der is, komt út it suden. Al mei al, sa begjint de dei moai. Fierder hat it ek in moaie dei west mei in temperatuer fan hast 16 graden. Op ’e neimiddei komt der fanút it westen wat mear bewolking, want der komt wat oar waar oan.
En dêr wie it ek al sa. Yn de nacht nei tongersdei al buien en wiette. Al 4 mm wetter, in grize start fan de dei, en út dy grize loft de hiele moarn sa no en dan drippen. Middeis waard it droech, de wyn dy’t der wie, kaam út it westen, en sa ûnderom yn it westen siet in ljochte loft. Mar dêr bleau it by. Dochs kaam it noch klear healwei de middei; doe hawwe wy de sinne noch sjoen en waard de temperatuer noch 16 graden. Al mei al dochs noch wer in goeie dei.
Freed ien grize, mistige oanblik mei sechstich, santich meter sicht, mar dat waard stadichoan mear, en de mist gong oer yn wat storein. Sa hat it de hiele dei west. Tsjin de jûn waard it yn it westen noch wat ljochter, mar it grutte ljocht hawwe wy net sjoen.
En sa begjint sneon ek, mar der komt al gau wat wyn en om njoggen oere sitte wy ûnder in blaugrize kap of himel. It is pas de middeis dat wy de sinne even sjogge, en ek net sa lang, dan set de loft ek wer oan fanút it súdwesten, mei in pear buien mei 3,5 mm wetter. Dêrnei is it wer droech en kinne wy om goed healwei sânen noch in hiele moaie sinne-ûndergong sjen yn in heldere loft mei prachtige horizontale streken fan reade kleuren, in hiel moai gesicht. De temperatuer dizze freed en sneon wie 14-15 graden, net kâld dus.
Snein, net in sneinse start, mar it wurdt al gau better. In start mei wiette út in grize loft; mar mei in stevige súdwestewyn krijt de sinne al de romte om him sjen en fiele te litten, en dêrmei is it dan sneins waar mei in temperatuer fan goed 16 graden.
Moandei, wat in blaugrize start, mar it sit net hielendal ticht. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. Wy hienen oer de nacht 6,5 mm wetter, mar it is ek oerdei net droech. It wie buiïch en wiet, mar de temperatuer wie goed, sa’n 17 graden. En sa wie ek dizze dei wer om.
Tiisdei 18 oktober kaam de sinne moarns om acht oere op, mar it wie net earder as goed njoggen oere echt ljocht fanwege de mist ûnderom. Mar dan is it wol klear yn dy helderblauwe loft. It sil hjoed in moaie dei wurde. En dat hat ek sa west, mei in temperatuer fan hast 16 graden; de wyn dy’t earst súdwest wie, wie letter op de middei westnoardwest.
Woansdei begjint wat griis, mei in wyn dy’t no út it easten komt. It is net in sinnige dei, mar wol ris efkes in glim. It wie droech waar, alles meimekoar, de sinne, de wyn, 13 graden, mear siet der net yn (it rymt ek noch).
Tongersdei in hiele reade eastsúdeasteloft mei it sinne-opkommen, en wat komt dêr achterwei? Yn ’e middei reinbuien; der siet goed 6 mm yn ’e mjitter en it bleau fris mei goed 12 graden. Oan it begjin fan ’e jûn klearre it op, mar al gau sitte wy yn de nacht nei freed.
En freed begjint wat griis mei mist ûnderom. Ek al komt de sinne om goed acht oere op, it is al tsjin tsienen foar’t er him sjen lit, even, want it bliuwt wat in bewolke dei, mar de temperatuer is dan al 16 graden. Dochs komt de sinne de middeis noch hiel moai foar it ljocht, en mei de wyn dy’t der is út it suden wei, hawwe wy in moaie dei.
En der komt wer in moaie dei oan, moai begongen mei sinne, mar yn ’e rin fan de moarn komt der wiette mei in oanhellendje westsúdwestewyn, en dan is it moaie samar even fuort. De temperatuer wie hjoed 17 graden, foar de tiid fan it jier is dat goed, mar in moaie dei is dochs wat oars.
Snein, it westen griis, mar it easten dêr’t de sinne krekt opkommen is mei brede ljochte streken, de wyn dy’t der is, komt út it suden, en mei dat alles - wy soenen fan ’e middei buien hawwe, mar it binne in pear drippen wurden -  hawwe wy dus in goede snein hân, mar wy kinne wol sjen dat it hiel ûnrêstich is yn ’e atmosfear en dat sjogge en fernimme wy ek moandei mei in buiïge loft en in stoarmige wyn út it súdwesten. Boppe-yn Frankryk hienen se fannacht al in ferwoastigjende tornado, mei enoarme skea ta gefolch. Mar it is hjir fan ’e moarn tsjin tsienen noch droech; nei tsienen net mear, al 4 mm út in bui en de temperatuer wie tsjin tolven 16 graden. Nei’t wy fan ’e middei noch in pear buien hân hienen, waard it wat rêstiger en kaam de sinne der ek noch by.
En sa begjint tiisdei ek, daliks nei achten de sinne der al by, mar ek bewolking. De wyn dy’t der is, komt noch út it súdwesten. De natuer lit him daliks moai oansjen, en it hat in moaie dei west mei 16 graden.
Woansdei, mei wat in bewolke loft, mar ek wol iepeningen foar de sinne. It is bledstil. Dochs net hielendal, want de wyn dy’t der is, kriget de moleroeden noch rûn. De wyn komt út it suden, en dy wyn helle letter op ’e dei ek noch oan. Dochs noch in temperatuer fan 17 graden; op ’e wyn fielde it wat frisser oan, mar dochs foar 26 oktober in moaie dei.
Mei in sudewyn begjint ek dizze tongersdei. De hiele natuer om ús hinne jout oan: it wurdt hjoed in moaie dei, en wy witte jûns it bêst oft dat ek sa west hat. Wy hawwe fan ’e middei wol in buike hân, mar it hat in moaie dei west, wer mei 17 graden.
Freed kin hast net moaier begjinne. De sinne komt tsjin healwei njoggenen op yn in heldere loft mei net oars as in pear fleantúchstreken. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten, mar it feroaret al gau. It wurdt dizich en letter bewolke, en soms falle der ek noch in pear drippen. Wy hawwe de sinne net wer sjoen, mar it waard wol 18 graden. It wie hearlik waar om bûten te wêzen. It waard yn De Bilt mei 20,8 graden de waarmste oktoberdei ea metten. Wy hienen ek in moaie dei. It waard yn Súd-Limboarch goed 23 graden.
Sneon, mist, mist, mist. Mar al gau luts dy op en doe wie it bewolke mei ek noch in pear drippen. It is hjoed fierder goed gongen. De sinne hat him soms ek noch sjen litten. De wyn kaam út it suden en it waard hjir ek noch 18 graden. In moaie sneon dizze 29ste oktober.
Snein 30 oktober moast de klok yn de foarbye nacht in oere werom, en dan is it dizze sneintemoarn even allegear oars. Mar wat in moaie start: de sinne dy’t no tsjin healwei achten opkomt oer de wat dizige greiden, wat in moai gesicht! De wyn kaam noch út it suden, mar der wie hast gjin wyn, en de sinne hat de hiele dei skynd troch in wat grize loft. It wie einepikewaar, de jas koe út mei 18 oant 20 graden. Wat in bysûndere sinnedei.
Mei in moaie sinne-opkomst en in rêstige wyn út it súdwesten is it moandei 31 oktober. Helderblauwe loften, mar ek bewolking, sa is de start fan dizze dei. En it hat in moaie dei west mei 16 graden.
Tiisdei begjint mei in heale stoarm út it súdwesten ûnder in hiele grize loft, mar it is om tsien oere noch droech. It liket en fielt echt hjerstich. Dochs bliuwt it de hiele dei droech en de sinne kaam der om tsien oere ek noch by. Dêrmei wie dizze 1ste novimber noch in hiele goeie dei mei hast 15 graden, al waaide it wol behoarlik hurd.
En dat is woansdei itselde, mar dan komt de heale stoarm út it westen. Justerjûn hienen wy ek noch wat wiette, sa’n 7 mm. De loft sit fol buien, mar lit ek romte foar de sinne. It bliuwt de hiele dei droech. De temperatuer koe krekt de 14 graden helje, en mei dy hurde wyn derby fielt it dan fris.
Tongersdei hawwe wy in wat grize start en de wyn komt no wer út it súdwesten, mar hjir en dêr is ek in glimke fan de sinne te sjen. En sa hat it de hiele dei west. De temperatuer hat net boppe de 13 graden west, en op de wyn wie it mar goed 10-11 graden. It wie echt in frisse dei, mar wol droech op in pear spatten nei. Op ’e jûn waard it dochs noch wiet en yn ’e nacht foel der 10 mm wetter.
Mar freedtemoarn droeget it wer op, want om goed healwei achten komt de sinne der al by en de wyn dy’t dan noch út it súdwesten komt, dy is dêr net fan plan te bliuwen. Want it wurdt efkes stil en oan it begjin fan ’e middei komt er alwer út it westnoardwesten en fielt it noch frisser oan. De temperatuer kin gjin 12 graden mear helje. Buien gongen daliks om, mar hjir hat it droech west, en foar 4 novimber wie it in goeie dei.
Sneon lit fan alles sjen: buieloften boppe see, mar ek tichteby mei in buike. De sinne wie der ek al by en dan ek noch in heale reinbôge. Dy wie goed helder te sjen, mar fierder rikte it buike net. Fan alles wat dus. De wyn dy’t der wie, kaam no wer út it súdwesten, en sa is it alle dagen wer oars. de ferrassings binne net fan de loft, mar komme dêr wol wei!
Snein begjint griis en wiet, mar it is ek wol werris in momint droech, mar mear net as al. Wy sjogge de sinne hjoed net. De wyn dy’t der is, kaam út it súdwesten, en dêr kamen de buien ek wei. De temperatuer koe krekt lykas juster krekt de 10 graden helje. Der kamen gjin seeën wetter, mar it hat wol de hiele snein troch wiet west.
En no is it moandei 7 novimber en soms noch wat wiet. Meimekoar siet der 24 mm yn de mjitter. Tolve oere hinn klearre it op en kamen der ljochte en blauwe plakken yn de loft. De wyn dy’t der wie, kaam noch út it súdwesten, en dêr wie de sinne ek al even. Mar buien wienen der ek. Alles meimekoar neame wy dat in hjerstdei, mei in temperatuer fan hast 13 graden.
Tiisdei is der fan alles te sjen oan de loft. Wat sil it hjoed wurde? De wyn komt noch út it súdwesten. Nei de wiette fan justerjûn en fannacht is it no droech, mar der sit wol 3 mm yn de mjitter. It waait wol hurd, de sinne docht syn bêst ek sa no en dan. Dêrmei is it middeis om tolve oere 14 graden by Lyts Tolsum. Sa’t ik al neamde, it waaide hurd, mar oars in goeie dei.
Nei in rêstige en droege nacht is it woansdei. De wyn komt noch fanút it súdwesten en boazet wat oan. Fanôf goed healwei achten docht de sinne fan ’e moarn ek mei. Dêr’t syn sinnestrielen ek mar by kinne, fiele wy de waarmte ek, en dat is mear as alle waarmteboarnen ús jaan kinne. It natuerwûnder!
Fan justerjûn in buike 2,5 mm, en letter op ’e moarn set de loft wer oan en wurdt it wiet. En dêr docht de wyn dan ek oan mei: it waait wer hurd. Op ’e middei wurdt it ek noch buiïch, 3,5 mm. As de buiïchheid ophâldt, jout de wyn him ek del. Mei bewolking mar ek sinne start dizze tongersdei. De wyn dy’t der noch is, komt út it súdwestten. De temperatuer is oerdei noch 13 graden en op in pear drippen nei wie it in droege dei.
Freed in grize start. De wyn komt noch út it súdwesten en docht ek wer mei. Wy hawwe de sinne hjoed net sjoen, mar it wie dochs 13 graden mei dy dochs wol hurde wyn op dizze 11de novimber, Sinte Marten.
Snein 12 novimber hawwe wy in lytse wrâld. Mist, mist en nochris mist. Dêrmei is it wol bledstil. Wêr docht ús dat oan tinken, mist? Froast? Wy hawwe wolris earder yn novimber op it iis riden, mar dochs no noch mar net. Wy krije jannewaris en febrewaris ek noch en moarn is it wer oars! Wy hawwe fan ’e middei de sinne ek noch efkes sjoen, mar yn mistflarden. Letter waard it wer mistiger. It wie ek mar 8 graden. Wyn wie der hast net, mar wat der wol wie, kaam út it easten.
Dizze snein begjint mei sneinswaar, mei in wiid sicht sa fier as wy sjen kinne. As tsjin achten de sinne opkomt en de wyn út it súdeasten waait, dan komt der echt in moaie snein oan. En sa hat it ek west. Wy hawwe de grutheid fan de Grutte Skepper de hiele snein sjen kinnen. Wat wie it in moaie waarnimming doe’t om kertier foar fiven de grutte ljocht- en waarmteboarne foar even ôfskie fan ús naam. Meimekoar wer in moaie snein.
Moandei begjint griis. Dêrmei in oare start, mar hjir en dêr skynt de loft ek blau troch en de sinne komt der ek al gau by en bliuwt oant tsjin fiven. De wyn dy’t út it súdeasten komt, docht it rêstich oan. It wurdt oerdei 9 graden. Foar dizze 14de novimber neat net mis.
Tiisdei in grize start mei de wyn út it súdwesten, mar dêrwei komt ek al blau yn de loft en letter de sinne. En it hat de hiele dei droech west. Op ’e ein fan ’e middei berint de loft wer yn it westsúdwesten. Dêrmei is de sinne ek wer fuort. De temperatuer koe 10 graden helje.
Nei in wiete en buiïge nacht is it woansdei. Dy begjint droech en griis. De wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. Dêrmei wol it goed waar wurde hjoed. Want midden op ’e dei, om tolve oere, wie it alwer goed 12 graden. Mar de wiete nacht brocht wol 14 mm wetter.
Tongersdei is it wer oars. De foarbye nacht begûn dat al. Buien mei stoarmwaar út it súdeasten. En dat is de hiele dei sa trochgongen oant yn ’e jûn en nacht. Doe is de wyn bekommen, en it waard ek droech. Seeën wetter hawwe wy hjir net hân; meimekoar 10 mm.
Freed begjint rêstich en droech en griis. De wyn dy’t der is, komt no út it easten. It is in kâlde wyn. Mar it is om tolve oere dochs noch 7 graden. Middeis komme der wat buiïge loften oer, mar it bliuwt droech. Wol kâlder; as ik wer even sjoch, is it noch mar 5 graden.
Nei in kâlde nacht mei eastewyn is it sneon 19 novimber. Mar dizze nije dei begjint aldermoaist mei in prachtige sinne-opkomst om acht oere yn in wolkeleaze blauwe loft. En sa sjogge wy mar wer: alles hat syn moaie kant. Mar it hat ûnder 0 west mei de temperatuer de ôfrûne nacht. Alle lijkanten fan ’e sleatten en fearten lei in laachje iis op. Om tsien oere stie de termometer noch op 0 graden. Doe hie de sinne al twa oeren skynd. Om tolve oere stie de temperatuer op goed 1 graad. Wy sieten ûnder dit hegedrukgebiet fanút it easten, en dat hawwe wy even witten.
Snein wie it alwer oars mei in buiïge loft yn it noardeasten, mar de wyn komt út it súdeasten. Wy sille sjen wat dit wurdt. It fjild is noch wyt fan ’e froast, mar de sinne skynt ek. It waarmet lykwols net hurd op. It hat hjoed net boppe de 2,5-3 graden west. Wol droech, mar kâld. De buiïge loft is wer hielendal weiwurden, mar sa as ik al neamde, in kâlde en droege snein.
Nei in kâlde nacht mei wer in temperatuer fan om ende by de 0 graden komt moandei mei tichte mist. Hjir is it sicht 50 oant 60 meter, mar stadichoan lûkt de mist op. It bliuwt dizich. De sinne besiket der wol troch te kommen, mar dat is net slagge. Dêrom is de temperatuer wer net boppe de 3 graden kommen. Mei de wyn út it súdeasten wer in kâlde dei.
En dan is it tiisdei mei de wyn no út it súdsúdwesten. De loft, dêr’t wy it blauwe hast trochhinne sjogge en mei de sinne dy’t fan ’e moarn tsjin kertier oer achten opkommen is, wat sil it hjoed wurde? Der sit in ljochtstreek yn it suden, mar dy komt net omheech. De temperatuer wiist 6 graden oan, dat is alwer 3 mear as juster. Je soenen sizze: dan sil it wol wat smûker fiele, mar dat is net echt sa. De wyn is wat sterker as juster en it wie ek echt kâld. De ljochte streek is fan ’e middei dochs noch wat omheech kommen. Ek de sinne hat him noch sjen litten, mear ek net. It bliuwt by in kâlde dei.
Woansdei 23 novimber in griis en bewolke begjin fan ’e dei. De wyn dy’t der is, komt út it súdsúdwesten. Mar it klearret dochs wer op en middeis skynt de sinne. It is 9 graden; de kjeld is wer fuort. Op ’e neimiddei krije wy dochs wer in buike. Al mei al dochs in goeie dei.
Ek de nacht nei tongersdei in buike en bewolking. Moarns docht de sinne ek wer mei en de wyn dy’t der is, komt út it súdwesten. De temperatuer komt hjoed oan de 9 graden ta.
De nacht nei freed hat ek net sûnder bui west. Justernacht noch 3 mm en dizze nacht 3,5 mm. It begjint dizich, mar ek blau mei sinneskyn. Dat bringt de temperatuer yn it begjin fan de middei op 9,5. Mear kin it net wurde, want de wyn giet wat mear nei it westen. Dêrmei mear oer see. Mar fierder in droege dei, en mei de tiid fan it jier yn gedachten in goeie dei.
Nei in droege nacht is it sneon, mei in wat grize bewolking dêr’t al gau de sinne troch prikt. Dat hat de hiele dei sa west: bewolking, mar ek sinne.
De wyn dy’t der wie, kaam út it súdwesten en de temperatuer bleau by de 8,5 graad stykjen. Mar de natuer wie net kâld. In goeie dei.
Dan nei de nacht fan sneon op snein, in grize start. De hiele dei motrein, mar der komt net in soad. Wol snein, mar gjin sneinswaar, mear kin ik der net fan meitsje.
Dan nei in buiïge nacht is it moandei 28 novimber. It sicht is ûnder goed, mar de bewolking hinget leech oer ús hinne. De hoanne op ’e toer is net te sjen. Wyn is der hast net en wêr’t er wei komt? Doe’t it even opljochte, kaam de wyn út it súdwesten. Even letter luts it wer ticht. De temperatuer wie by it middeisoere tsjin de 10 graden, en der siet fan de nacht oer 8 mm yn de mjitter. Wy hawwe de hiele dei wol yn de tsjokke mist sitten. Ik haw de hoanne op ’e toer en de wynmole yn it fjild net wer sjen kinnen. Mar wat seach ik op ’e neimiddei doe’t it al tsjuster waard? Ik fytste noch yn dy dikke mistlaach, mar doe’t ik even nei boppen seach - want ik hearde in straaljager - doe wie de loft boppe my hielendal helder.
Dan is it tiisdei sûnder mist, wol mei in buiïge loft, mar ek mei sinne. It kin hast net op. Tagelyk oeral yn it lân tichte mist, mei mear as 800 kilometer file en warskôgingen. It is wer in hiel bysûndere start fan de dei. De wyn dy’t der no is, komt út it noardwesten en de loft brekt al wer iepen. De buiïgens giet om ús hinne. De temperatuer is op dizze 29ste novimber noch 10 graden. En it hat fan ’e moarn noch even dript, 1,5 mm. Mar de sinne sjogge wy net wer. Dêrmei in grize dei, mei hjir en dêr in pear drippen.
Hjoed woansdei: wêr komt de wyn dizze kear wei? Alles sit om njoggen oere noch yn de mist. Mar dan klearret it al op en blykt de wyn út it easten te kommen. Hy docht it wol hiel rêstich oan. De sinne komt der ek noch by en it wurdt noch 8 graden. En sa hienen wy de lêste novimberdei moai waar.
Dan is it tongersdei 1 desimber. De waarkundige winter is begongen. Allinne it wurd desimber fielt al kâld oan. Mar dat is hjoed noch net sa mei wat sinne en bewolking en de wyn dy’t út it noardeasten komt, mar frij rêstich is. It wurdt noch 6 graden, dêrmei dochs noch in goeie dei.
Freed begjint wat griis ûnderom dêr’t de sinne dy’t tsjin healwei njoggenen opkommen is, him achter ferskûlet. De wyn dy’t der is, komt út it easten. In frisse start. De sinne is der fan ’e moarn moai by kommen. Fan ’e middei fierder bewolke, en om’t de wyn noch wat oanhellet, is de temperatuer net boppe de 2,5-3 graden út kommen. In kâlde dei dus.
Mei de wyn út it eastnoardeasten start ek dizze sneon. Gjin grize of mistige, mar in bewolke start mei yn de boppeloft ljochte plakken. Mar de sinne is letter fuort en de ljochte plakken tichtlutsen, en wy hawwe it grutte ljocht net mear sjoen. It waard in kâlde dei: heechút 2 graden.
Snein 4 desimber gjin sneinswaar. Gjin ljochte plakken yn de boppeloft, niks fan dat alles. In grize bewolke loft de hiele dei troch mei in stevige noardewyn. De temperatuer koe de 2,5 graad net helje. Wer in kâlde dei.
Mei no de wyn wer út it easten is it hiel oar waar op moandei. De temperatuer sit wer yn de plus, 6 graden; it slacht wat wiet oan. Al mei al in grize start. En sa hat it de hiele dei wat west.
Mei no de wyn út it noarden, dus wer oars, is it no tiisdei 6 desimber. Mei Sinteklaas wer út byld kinne wy ús opmeitsje foar Kryst, in hiele moaie tiid mei it skitterjend moaie krystbarren mei sjongen en mesyk.
Noch even nei it waar fan hjoed: it is fan alles wat: wy hawwe de sinne sjoen, it hat sa no en dan dript en wy koenen ek in stikje fan de reinbôge sjen. De wyn, fan ’e moarn út it noarden, kaam even letter út it westsúdwesten. Dy hat it de hiele dei rêstich oan dien en it waard 6,5 graad.
Dan is it woansdei 7 desimber. De flage mei wimpel wapperet op de Tsjommer toer. Dat is as felisitaasje foar Amalia. Sy fiert hjoed har 19de jierdei. Mei de wyn út it noardwesten lit it doek him de hiele dei moai sjen. (Even net, mar der wienen mear eagen dy’t seagen dat it net hielendal goed gong, en dat waard gau wer ferholpen.) Wer even oer it waar, wy hawwe hjoed de sinne sjoen, wy hawwe buien en buikes hân, mar de temperatuer koe dochs noch op 6 graden komme.
Nei in nacht mei buien mei 4 mm wetter is it tongersdei. Nei’t de sinne om goed healwei njoggenen opkommen is, hâldt er him noch even ferskûle achter wat lege bewolking. It blau oan ’e himel komt straks yn byld. De wyn komt no út it westen, en sa hat it ek west mei sinne en bewolking, buien mei hagel(tsjes), en de temperatuer waard hjoed 3,5 graad.
Dan de nacht nei freed 3 graden froast. De hiele wrâld is wyt om ús hinne. Mar gelokkich, de sinne is hjoed al fan doel om derby te kommen. It is no noch bewolke, mar der sit genôch blau yn ’e loft. Dêrmei komt de temperatuer wol yn ’e plus, en ik haw it noch mar krekt opskreaun en dêr wie ús grutte libbensboarne al. En mei de wyn út it súdwesten komt it hjoed goed! In komplete sinnedei, mei griene fjilden en yn sleat en feart in laachje iis. De sinne kin de temperatuer net fierder opkrikke as 1, 2 graden. Letter op ’e dei wurdt it alwer wat mistich, en sakket de temperatuer wer.
It is no sneontemoarn, mist, mist en nochris mist. Gjin 50 meter sicht. Dan is it fierdere ferhaal gau dien. Oerdei lûkt de mist wer wat op en de wyn komt dan út it súdwesten. De temperatuer hat de foarbye nacht krekt boppe nul west, dus gjin wite fjilden, en sleat en feart binne wer iepen troch de wyn. In frisse dei mei in temperatuer fan krekt 1 graad boppe nul.
En sa hat it de nacht nei snein ek west. Snein oerdei de hiele dei by de 0 graden, op ’e middei sjogge wy de sinne ek noch, want it klearret op. Ek de kommende nacht, en dan witte wy: it wurdt kâlder.
Moandei ien bewolke skiere loft. De wyn dy’t der is, komt út it súdsúdwesten, mar de loft brekt al wat en om goed tsien oere skynt de sinne. De temperatuer wol hast net omheech; it bliuwt by 1 graad boppe nul. It is fris en sa hat it de hiele dei west. En as de sinne ús om healwei fiven ferlit, wurdt it noch frisser.
Nei in echte winternacht is it tiisdei 13 desimber. De leechste temperatuer hat min 3 graden west. Alles is wyt beferzen: dakken, beammen, alle grien om ús hinne, mar goed njoggen oere komme der blauwe plakken yn de loft en om healwei tsienen skynt de sinne en tsjin tolven is alles fuort mei in temperatuer fan 1,5 graad. En mei dit moaie winterwaar, wat is de natuer dan ek wer moai!
De foarbye nacht noch mear winter. It hat op sommige plakken wol 10 graden ferzen. It fielt no wol hiel echt winters mei de wyn út it easten, mar der komt wol oar waar oan. It waarglês sakket en de hiele dei lâns de Noardseekust opboljende wolkefjilden. It lykje wol tongerkoppen, mar se komme net echt omheech. Hiel apart. Wy hâlde it yn ’e gaten. Fierder in klinkkleare wintermiddei mei folop sinne. Mar de temperatuer is om ende by de 0 graden, want it fjild is wer hielendal grien wurden, op de lijkanten nei. No wer even oer dy opboljende wolken. Ik neamde it al: tongerkoppen lâns de hiele Noardzeekust, en jûns, dêr wienen se al. Om goed acht oere hienen wy al in buike, en moast der al struid wurde foar glêde diken.
Tongersdei: der is wol sâlt struid, mar it is noch wol oppassen. Pas op ’e middei wie it wer fertroud. Mar de buieloften by de hiele Noardseekust lâns wienen der ek wer, en midden op ’e middei wie der in bui mei 1,5 mm wetter. En dêrmei wie alles wiet. En om fiif oere waard it ek alwer froastich, mei dus itselde ferhaal, in kâld ferhaal, de hiele nacht nei freed troch.
Freeds komt de wyn út it easten. De dyk hjir sa achter nei it parkearplak fan Martenahiem liket wol in iisbaan, en it is ek noch sa: ek de noardeasteloft hjirwei sjoen sjocht der izich út. It is wer in kâld ferhaal, mar gelokkich, dat feroaret ek wer. En dêr wie it al sa. Fan in Sibearysk sinne-opkommen nei in mei sinne oerdutsen lette hjerstmiddei. Foar it sicht in grut kontrast. Wy witte it allegear, dit is de werklikheid fan it libben dêr’t wy noch yn wêze meie. It hat fierder ek in goeie dei west mei in temperatuer fan om ende by de 0 graden. En dat alles meimekoar: dêr’t de sinne net kaam, gong it iis net fuort. Letter op ’e middei sakke de temperatuer ek alwer. En dat is op dizze sneontemoarn noch sa. It is rêstich mar kâld, it lokket net echt om derút. Mar der sitte wol blauwe plakken yn de boppeloft en de sinne is fan ’e moarn om 20 foar njoggenen opkommen, en sa te sjen is der al aksje dêrwei. En dat hat ek sa west, mar it hat gjin ynfloed hân op de temperatuer. De hiele dei wie it om ende by de 0 graden. Mar dizze stelling is ek net wier, want sûnder ljocht en waamtestrielen kin de wrâld net fierder. Mar it komt noch alle dagen even koarter en fierderwei. Noch fjouwer dagen, en dan komt it grutte wûnder wer werom. Dat wûnder mei dit alles kin in minskebrein net betinke, mar je komme it tsjin, en dat is myn simpele gedachte.
Mar dan wurdt it ek wer sneintemoarn, op 18 desimber: de earste oanblikken nei dizze nacht mei 7 oant 8 graden froast tsjin njoggenen binne izich en kâld. En dat bliuwt sa oant yn de jûn, as it al wer tsjuster is. Wêr’t net struid wurdt op ’e diken, bliuwt it in iisbaan.
Moandei in nije dei, in nije wike mei oar waar. De kâlde winterkjeld is oergongen yn wat wiette mei wyn dy’t út it súdwesten komt. It is oar waar; dit wat hjerstige waar, mei minder ûngemak, fielt better oan. It hat de hiele dei donker west en soms wat wiet en de sinne hawwe wy net sjoen. De temperatuer waard noch 6,5 graden. Al mei al, de kjeld is fuort. Dat jout in goed gefoel op dizze 19de desimber, de op twa nei koartste dei fan 2022.
En dan nei in droege nacht is it tiisdei mei wol in stevige súdsúdwestewyn. De loft is griis mei dochs ek ljochte streken yn it gehiel, mar net sa lang. It hat in bewolke dei west sûnder sinne, mar net kâld. It waard hjir 8,5 graden.
En dat hat woansdei ek hast sa west. Se sinne hawwe wy moarns wol in pear kear sjoen, mar middeis liet hy it ôfwitte. De súdsúdwestewyn wie wol oanwêzich en dat wie te merken oan de temperatuer. Wy moasten it hjoed mei 7 graden dwaan. It wie wol droech. Jûns waard it wol wat wiet. Wat in lange, donkere dei dizze 21ste desimber.
Wat der fan ’e moarn oan wiette yn de mjitter sit, is mar 1,5 mm. En dizze tongersdei begjint mei sinne. In grut part fan ’e dei ek noch sinne, mar de súdwestewyn oer it kâlde wetter fan de Iselmar hâldt de temperatuer by 7 graden. It hat oant yn ’e jûn droech west, en de earste dei dat de dagen wer langer wurde, hie in goeie start, en dêrmei in goed begjin.
Freed in start mei motrein, mar ek mei in ljochte streek yn it easten. De wyn dy’t der is, komt út it súdsúdwesten. It hat hast net droech west dizze freed, en op ’e middei noch mear rein. Ek de jûns noch. Dêrtroch wie it in tsjustere dei. Der siet 12 mm yn de mjitter.
Sneon begjint wer oars. It is allegear wer wat opdroege, en de wyn komt no út it westsúdwesten, mar wol griis. Algau docht de sinne ek wer mei. De temperatuer is 8,5 graad wurden, in hiele goeie sneon.
Nei in droege nacht is it Krystsnein. In grize start, en de wyn dy’t der is, komt noch út it westsúdwesten, dizze bysûndere snein. Dat komt oan it waar net út; it grutte ljocht hat it al besocht, mar de bewolking naam it wer oer. Ek de Twadde Krystdei hat sa’n start, mar doe kaam al gau de sinne der de rest fan de dei by. It wie wat frisser, 6 graden mei de westewyn. In droege Twadde Krystdei waard alles meimekoar in moaie dei.
Nei in rêstige nacht mei de wyn dy’t der wie út it súdwesten is it tiisdei 17 desimber. En mei de sinne dy’t om kertier foar njoggenen opkommen is en daliks alles yn it ljocht setten hat, liket it in moaie dei te wurden. En dat hat ek wol sa west, mar net sa as ik tocht hie. Der binne hjir en dêr ek noch in pear drippen fallen. En de temperatuer koe noch krekt 5 graden helje. Dus wol goed, mar fris.
Nei in nacht mei buien is de start fan woansdei 28 desimber griis mei wat mist en in hurde wyn út it súdwesten. It hat de hiele dei wat wiet west; dat wie 5 mm yn de mjitter. Mar de temperatuer wie 8 graden en dêrmei wie it net kâld. Wol in tryste dei.
Nei in hjerstige nacht mei stoarmige wyn en buien út it súdwesten is it tongersdei 29 desimber. Fan winterwaar is gjin sprake. De temperatuer is de middeis tsjin tolven 9 graden en der siet fan de nacht oer 6 mm yn de mjitter. Mar sa’t ik al sei, de wyn spile op. Oerdei ek noch, mar de sinne ek, en dy syn oandiel makket alles, ús grutte libbensboarne, noch in kear: alles.
Dan nei in droege nacht, mar no mei de wyn út it súdwesten is it freed 30 desimber. Dit is echt de ien nei lêste dei fan it jier 2022. It is wat skier, mar wol skier genôch om it de sinne even ôf te winnen. Dat hat de hiele dei sa west. De wyn helle ek noch oan en middeis waard it wiet. En dat mei 5 graden, dan neam ik dit hjerstwaar. Op ’e jûn waard it ek noch wat wiet, en dat hat de nacht nei sneon ek sa west.
It foel ta, de milimeters yn de mjitter wienen goed 6, mar dat is noch net alles. Aldjier giet de skiednis yn as in bysûndere dei: net kâld mei 12 graden, mar wol wiet mei 6,5 mm wetter en mei in stoarmige wyn út it súdwesten. En dit noch: de waarmste âldjiersdei, mei 14,5 graad, ea metten yn De Bilt.
En dit wie de ôfsluter fan it fjirde kwartaal fan 2022.
 
Knilles Rusticus
 
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA