DE TWA DOARPEN



It hâldt net op! Afl.2 - 2023

Geplaatst op: 20-07-2023

En dan binne wy no sneon 1 april. Dizze dagen binne drippend oergongen. Freedtejûn dripte it en ek sneon dripte it. Der siet noch 6,5 mm yn de mjitter. De temperatuer mei al dit wiete waar wie hast 12 graden en middeis waard it drûch en bedarre de wyn yn it easten, en dat wie in frisse wyn.
Wy krije oar waar, sneintemoarn daliks al. De sinne komt op yn in helderblauwe loft om kertier oer sânen. Letter in wolkje, mar it bliuwt sinnich. In goeie, mar frisse snein.
De nacht nei moandei komt de temperatuer ûnder de nul. Moarns betiid is alles wyt en moatte de autoruten skrabe, mar oerdei komt de temperatuer op 7 graden. It is in moaie aprildei, mar kâld. De gefoelstemperatuer is noch 3 graden kâlder troch de stevige eastsúdeastewyn. As de wyn wat minder west hie, hienen wy in hiele moaie dei hân, mei 13 oeren sinneskyn, want yn ’e sinne op in lij plakje wie it simmer.
Nei in nacht mei wer wat froast is it tiisdei, mei ûnderom wat bewolking dêr’t de sinne wat skier trochhinne skynt, en boppe-yn mear blau. De wyn, dy’t der no is, komt út it suden, en it is hearlik waar. Wat moai! Mar de wyn bliuwt net yn it suden. Middeis giet er om nei it noardeasten en hellet ek oan. Dêrmei wurdt it wer kâlder, of sa fielt it teminsten. De temperatuer kin noch de 11 graden helje, mar it is drûch en goed waar.
Ek dizze nacht mei wat froast. De woansdei begjint hiel moai, fol sinne, in bytsje skier, de wyn komt no wer út it easten. It is fris. Wol in moaie start. Op ’e middei wurdt it noch 12 graden.
Nei in rêstige nacht is it tongersdei 6 april. It is wynstil earst, mar de wyn hellet al gau oan út it suden. It is bewolke en noch 10 graden. Wy hawwe de sinne hjoed net sjoen. Fan ’e middei begong it wiet te wurden en yn ’e jûn noch is it dat noch.
It is yn de nacht nei freed wer drûch wurden, en doe siet der 6 mm yn de mjitter. Dan freedtemoarn earst wat mist, letter in grize start. De wyn dy’t der is komt út it suden, súdsúdwesten. It bliuwt de hiele dei drûch mei in temperatuer fan 9,5 graad.
Sneon begjint wat rommer, mar wol wer nei in froastige nacht, mei wat grûnmist, mar de sinne lit him sa no en dan ek sjen. De wyn dy’t no wer út it easten komt en even letter út it eastnoardeasten en kâld oanfielt, kin min fêst plak fine. De termometer wiist noch 9 graden oan; dat kin de gefoelstemperatuer net helje: op ’e middei 7 graden. Wy hawwe de sinne net wer sjoen: Stille Sneon, sobere dei.
Dan Peaskesnein 9 april 2023. It begjint net sneinsk; it is in grize start. It is bledstil, net kâld, wol drûch, ek wer allegear posityf. Wy sille ôfwachtsje moatte wat it waar docht op dizze dochs bysûndere snein en it wurdt ek noch bysûnder. Middeis om twa oere komt it grutte ljocht en de waarmteboarne achter de bewolking wei. Dêrtroch wurdt alles op syn moaist en de temperatuer wurdt ek noch 14,5 graad. De wyn kaam fan ’e moarn út it suden. Wy hienen in moaie peaskedei.
Moandei Twadde Peaskedei begjint wat bewolke, mar de sinne komt der ek trochhinne, mei súdsúdwestewyn, mar dy docht it rêstich oan. Middeis om 3 oere wurdt it wiet oant yn ’e jûn. Dan wurdt it wer drûch. De temperatuer is 14 graden, mar as it reint sakket de temperatuer wat. Wat it waar oangiet, kin de Twadde Peaskedei net meidwaan, mar gelokkich, moarn komt der wer en dei.
En dat is tiisdei 11 april en dy start al mei in hurde westewyn, en ek mei in buiïge blauwe loft. Mar dêr bliuwt it by. Letter, as de sinne derby komt, wurdt dat blau griis, mar der komt ek romte foar de sinne, mar ek foar buien. Fan justermiddei en -jûn siet der 6,5 mm yn de mjitter. De temperatuer fan hjoed is 8 graden, dat wie fan ’e moarn, mar fan ’e middei mei sinne waard it ek noch 12 graden. De dei sluet sinne-oergetten ôf. Ek de wyn hie him deljûn, en it waard dochs noch in moaie dei.
Dan woansdei in wiete boel, en in grize boel mei in stevige wyn út it súdwesten.
Yn de nacht mei buien 8 mm wetter, mar yn ’e rin fan ’e moarn komt de sinne der wol by. De wyn bekomt wat en it wurdt noch in goeie dei mei hast 14 graden.
Nei in buiïge nacht is it tongersdei. Moarns noch mei sokke buieloften as soene se delkomme, slim driigjend, mar it moaie dêrfan is: it is ek samar wer fuort mei dy hurde súdwestewyn. 
De nacht oer siet der 5 mm yn de mjitter en midden op ’e dei nochris 2,5 mm. De temperatuer wie oerdei goed 9 graden, en mei dy bui 7 graden. Fierder in sinnige dei, mar it wie gjin fytswaar.
Mei in prachtige sinne-opkomst begjint dizze freed. De wyn dy’t der is komt út it súdsúdwesten. It hat noch om-en-de-by it nulpunt west. De wyn dy’t der is giet yn de middei nei it easten. It hat drûch west en mei hast 18 graden in moaie dei.
Dan mei in eastnoardeastewyn start dizze sneon. Der sit mear bewoking oan de loft as juster, mar de sinne prikt der wol troch. Gjin froast mear, mar it is fris. En sa giet dizze sneon wer fierder mei op ’e middei in noardewyn, in kâlde wyn mei goed 9 graden en op ’e jûn noch in stower.
Snein in grize snein; sinne wie der wol, mar achter bewolking. It hat wol drûch west mei in kâlde wyn út it noarden en in temperatuer fan hast 9 graden. Gjin sneinswaar, mar wol in moaie tsjerketsjinst mei moaie lieten. Dêrmei dochs in goeie snein.
Moandei 17 april in grize start. De wyn dy’t der is komt út it noardeasten, de temperatuer is 9,5 graad. Middeis om 1 oere dan komt der romte foar de sinne. Dêrmei kin de temperatuer ek noch wat omheech gean en wurdt it ek noch 11 graden. En de sinne hat derby west oant hy ûndergong om kertier foar njoggenen.
Fris is it tiisdei noch as moarns om kertier foar sânen de sinne opkomt, noch mei in stevige noardeastewyn, mar dizze dei lit tagelyk in moai kleure noardeasteloft sjen. Wer hiel bysûnder fûn ik dat, mei dy kleuren fan de reinbôge mei sinne en wolkefjilden. Sa ferrint dizze dei. Ik bin begongen mei fris, mar neam it mar in kâlde hurde noardeaster. It waard op de termometer noch 13 graden. Dêr kaam de gefoelstemperatuer net oan ta, mar posityf wie dat it drûch wie.
Mei in prachtige sinne-opkomst begjint dizze woansdei mei hjir en dêr in wolkje en in fleantúchstreek. De stevige wyn dy’t der is, komt út it noardeasten. Wol is it fris op ’e moarn, dizze 19de april. Mar wy hawwe in goeie dei, in moaie dei komt it net oan ta, want it waait echt hurd. Mar mei al dy sinne wurdt it dochs noch 11 graden.
En dat is tongersdei wer oars. Moarns om 11 oere is it 5 graden, in oere letter is it 6,5 graad en middeis om 3 oere is it 10. Mar dochs noch 10 graden dus. Wat in kâlde dei dizze 20ste april. De hurde noardeastewyn makke it echt kâld. De sinne dy’t der sa no en dan wol by wie, hat it noch op dy 10 graden brocht. Mar wy hâlde it derop: moarn wer oars.
En dat is ek noch sa. Nei justerjûn in buike is it dan freedtemoarn, mei in blaugrize loft dêr’t de sinne wol trochhinne komt en in stevige no eastewyn en in temperatuer fan 17 graden, teminsten op ’e middei. Letter waard it bewolke en sieten der buieloften yn it súdwesten. Op in pear spatsjes nei hat it drûch west. De wyn dy’t fan ’e moarn út it easten kaam, kaam fan ’e middei út it noardwesten, mar op ’e jûn kaam er wer út it eastnoardeasten. Mar alles bymekoar, by libben en sûnwêzen, is it moarn sneon, mar dat is it no noch net, en dat moat ik dochs melde. Even letter op ’e jûn komt de wyn út it súdwesten. Ik kin it hast net leauwe, mar it is wol sa. Wat der juster op ’e neimiddei en yn ’e jûn mei dy buieloften yn it súdwesten en de wyn wie, ik wit it net, mar it wie wol apart.
Mar it is no sneintemoarn; de sinne hat him ek al sjen litten en de wyn dy’t der no is, komt út it suden. De bui fan justermiddei brocht goed 5 mm.
No noch even oer hjoed, snein. Der sitte wer enoarme buieloften yn it súdwesten. It is goed waar, en de wyn dy’t der is komt út it westen, mar it is noch fris. Op ’e neimiddei begjint it te reinen en de temperatuer foar de bui tsjin fiven op Lyts Tolsum is 22 graden. En dan is de wyn wer súd, alles meimekoar is it net mear te folgjen.
En nei in buiïge wiete nacht is it moandei 24 april mei in grize buiïge loft mei ljochte plakken, mei in noardwestewyn. It is drûch. Sa begjint dizze nije wike. Der siet goed 14 mm yn de mjitter en mei in stevige wyn út it noardwesten en 10 graden in kâlde start. Yn ’e rin fan ’e middei hellet de wyn noch mear oan, want der komme buien oan de loft, en letter rein. En sa hat dizze dei ek wer west.
Ek de nacht nei tiisdei is net drûch ferrûn. En de wyn dy’t der is komt út it noarden. En dêr sitte de buieloften ek alwer, mar oan de oare kant - dat is de súdeast-súdwestkant - blinkt de sinne soms troch de iepen plakken yn de loft. En sa kin it alle kanten wer út. En sa hat it ek west hjoed, oan buikes 2,5 mm, de temperatuer 10 graden. Fan ’e middei, doe’t de sinne der even langer by wie, kaam it noch oan de 12 graden ta, mar de wyn de hiele dei oer de Noardsee, dan is it echt kâld. Op ’e romte moast de iismûtse op.
En nei de nacht is it woansdei en noch mei in stevige westnoardwestewyn, en mei in meast bewolke loft mei hjir en dêr ek in iepening foar sinneskyn, mar it is noch kâld mei sa no en dan in snjitter mei hagel (oardel mm). De sinne hat goed syn bêst dien, it waard noch 12,5 graad, mar de gefoelstemperatuer wie wol trije of fjouwer graden leger. De iismûtse moast wer op.
Nei in kâlde nacht, mei ek noch wat froast, is it tongersdei 27 april: Keningsdei. Hjoed wer hiel wat oars: de sinne komt moai op, mei yn de boppeloft wat lichte grize bewolking. De wyn dy’t der is komt no út it súdwesten, mar docht it rêstich oan. Sa rêstich dat de flage op ’e toer hast net frijkomme kin fan de stôk. Wy hawwe in moaie dei hân. Op ’e neimiddei kaam der wer wat mear bewolking, mar it bleau drûch. De temperatuer kaam oan de 15 graden ta. Wat moai foar alle feestlikheden.
Dan freed de 28ste april. Dan is it wer oars. Nei in rêstige nacht sûnder froast en de wyn dy’t der is út it suden komt de sinne op om kertier oar sânen. Mar hy ferskûlet him achter de bewolking. Om 9 oere wurdt it wiet: dat is de start fan dizze dei. It wienen mar in pear spatten, mar op ’e middei hat it even echt wiet west: meimekoar hienen wy 4 mm. Wy hawwe de hiele dei de sinne net sjoen. Dêrmei ek mar 8,5 graad as temperatuer, mar it wie net kâld om’t it bledstil wie.
Sneon begjint hiel moai mei ûnderom wat griis, mar dêr komt de sinne daliks trochhinne. De wyn dy’t der is komt út it noardeasten. Yn ’e rin fan ’e moarn hellet er noch wat oan fanút it noardnoardeasten en dat is in kâlde wyn. De temperatuer hat 17 graden west, mar wurdt dan goed 15 graden, en dochs hat de sinne der de hiele dei folop by west. As de wyn him ek wat oanpast hie, dan... mar no moasten wy in lij plakje sykje om bûten sitte te kinnen, mar dizze sneon dochs in moaie dei.
Bewolke, mar ek sinnich, sa begjint dizze snein en mei dy skitterjend moaie klanken fan Prelude is dat in hiele moaie start. De wynwizer op ’e toer hat de hiele snein it suden oanwiisd. Dêr wie hy ôfrûne nacht hinne gongen, en it hat de hiele snein hast stil west. Wy hawwe dêrmei in moaie, moaie snein mei 18 graden hân.
Mei súdeastewyn sa begjint dizze moandei, en sluierbewolking dêr’t de sinne trochhinne komt. Yn ’e rin fan ’e moarn draait de wyn nei it westen, hellet wat oan en it wurdt mear bewolke. De temperatuer is 17,5 graad. It bliuwt drûch. Yn de rin fan ’e middei komt de wyn út it noardwesten, en sa feroaret it altyd wer. Mar dat witte je allinne as je it opskriuwe.
Dit moat ik ek neame: op sneon 29 april wie de boereswel wer op Lyts Tolsum yn de skieppestâl. De natuer giet wol ris oars, mar it giet wol troch. Wat moai!
Mei in buiïge loft en sa no en dan wat spatten op it rút, en mei de wyn út it noardwesten, sa begjint dizze tiisdei en dat allegear ek noch mei in stevige noardwestewyn. It is fris en wy binne 2 maaie. Dat allegear bymekoar, de sinne lit it noch ôfwitte, mar even letter die de sinne al mei. Der kamen ljochte plakken en sa hat it de hiele dei west. Mar it bleau fris. It hat al mei al hast 12 graden west, fierder wol drûch. 
Hjirnei komt woansdei 3 maaie mei de wyn dy’t der no is ut it súdwesten, mei ûnderom bewolking en boppe ljochte blauwe romten foar de sinne. De mole draaide op it súdwesten, dêrnei stie er stil en in skoftke letter draaide de mole op ’e wyn út it noardeasten. De sinne hat hjoed goed syn bêst dien, mar koe dochs troch de frisse wyn de temperatuer net heger krije as 11 graden. Mar it wie in goeie dei. 
Dan tongersdei 4 maaie, in bysûndere dei: Deadebetinking. De sinne komt op yn sluierbewolking en der stiet in stevige eastewyn foar de flaggen dy’t dizze dei healstok hingje om it ferline te betinken. En sa hat it west: de temperatuer hat hast 17 graden helle, mar troch de hurde wyn wie de gefoelstemperatuer in pear graden leger. It hat wol drûch west en dêrmei in goeie dei.
Dan 5 maaie, befrijingsdei, 78 jier frij. Ik wie doe 10 jier en haw dat allegear meimakke yn Lollum. Wat hawwe wy in, as ik sa weromtink, skitterjend moaie tiid dêr meimakke, mar ek de lêste pear jier yn Tsjom. Mar soks is foar elk wer oars, altyd wer oars, krekt as it waar. Juster mei eastewyn, hjoed út it suden. Fan ’e moarn starte mei in buieloft en ek noch mei in pear spatten rein. Even letter kaam de sinne derby. Ut dat ûnwaarsbuike kaam 1,5 mm, mar ik sei it al: it is altyd oars en sa kaam de wyn nei de kofje al út it westen, en it hat ek wer in bytsje reind, wer 2 mm. It reinde oeral wei en fan ’e moarn betiid út it súdeasten. Meimekoar in wiete boel en de temperatuer hat hjoed 17 graden west.
Sneon 6 maaie, as wy moarns wekker wurde dript it noch út de swiere loft dy’t boppe ús hinget. It garaazjedak steane plaskes op, mar fierder net folle. De wyn dy’t der is komt út it suden. It is wat griis, bewolke, mar de sinne komt der wol trochhinne. De temperatuer is al 18 graden en komt op de middei oer de 20 graden. De nacht oer siet der 4 mm yn de mjitter, oan de loften te sjen komt der mear. Dochs bliuwt it drûch, alles meimekoar is it in simmerdei.
Snein, in grize start, mei de wyn út it súdeasten. It garaazjedak is de nacht net drûch oerkommen: 3 mm wetter. Fierder in hiele moaie snein mei goed 20 graden.
Nei in rêstige nacht, wat in moaie start, dizze moandei, dizze nije wike mei in hiele blauwe himel dêr’t de sinne yn opkomt om goed seis oere. De wyn dy’t der is komt noch út it súdeasten en al mei in lekkere temperatuer.
It hat hjoed wer boppe de 20 graden west, mar stadichoan is oerdei de wyn nei it westen gongen, en it is bewolke wurden, en dêrmei is de temperatuer sakke, mar wy hawwe in hiele moaie dei hân.
De nacht nei tiisdei is der hjir en dêr ek noch in drip fallen, fierder in grize start. Op dizze moarn earst drûch, mar kofjetiid wer hjir en dêr in drip. It is net kâld, mar nei de kofje hat it net wer drûch west oant yn ’e jûn. Fan ’e middei om 5 oere hie ik 6,5 mm yn de mjitter. En moarnier mar wer even sjen, mar plonzen wetter krije wy hjir net. Wol dript it troch. It is bledstil, dêrom duorret it ek sa lang; de wolkens driuwe fan west nei east, want de wyn dy’t der is is súdwest. 
It hat fannacht ek net drûch west, want fan ’e moarn om 6 oere dripte it noch. It is wer in grize start dizze woansdei. Juster gjin sinne sjoen, en wa wit hjoed in glimke? En dat hat wol sa west fan ’e middei. Letter op ’e middei wer bewolking en op ’e jûn wer hielendal griis, mar it bleau al drûch. De temperatuer waard fan ’e middei noch 18 graden en der siet sa oer de nacht noch 4,5 mm yn de mjitter. 
Nei in drûge grize nacht is de start fan dizze tongersdei mist mei 50 meter sicht. Nei achten is de mist samar fuort, mar it bliuwt griis mei ljochte plakken, en dan komt it goed. De wyn dy’t der is komt út it noardeasten en de temperatuer is 16 graden tsjin de middei. De sinne kaam der sa no en dan by. Ek de wyn helle noch wat oan. Yn de jûn waard de loft yn it easten buiïch, mar it bleau wol drûch. Alles meimekoar in goeie dei.
Dy buiïge loften fan justerjûn hawwe de nacht oer al wat wiette brocht, 1,5 mm, mar de nije dei, freed, begjint drûch, griis, mar ek mei in glimke fan de sinne, en de wyn út it easten. En mei dy noardeastewyn, as ik dan om 12 oere de Tsjommer klok lieden hear, en de termometer al 20 graden oanjout, is it hearlik om bûten te wêzen op Lyts Tolsum en geane myn gedachten werom nei de ferhalen fan ús omke Sybren fan Tsjom. 
Sneon 13 maaie begjint sinne-oergetten troch dit grutte ljocht dat dizze moarn om tsien foar seizen mei alles wat er hat, opkommen is, yn de bloeimoanne. Wy hawwe it al sjoen oan hiele greiden fol hynsteblommen, en alles hat syn tiid. Der wurdt alwer meand foar kuil en mei dizze stevige noardeastewyn en sinne wol it wol drûgje, en sa sjogge wy alle kearen wer, de natuer moat it dwaan; de wittenskip wol it soms al oernimme, mar se kinne har better stilhâlde. Dit waar hâlde wy de hiele sneon, en dêrmei in hiele moaie dei.
Dan is it snein. It is in grize start mei in hurde noardewyn, mar de loft brekt wol en der komme iepeningen foar de sinne en dêrmei komt de temperatuer ek noch op goed 21 graden. Mar as de wyn nei de middei mear nei it westnoardwesten giet, dan is it echt fris, mar it bliuwt drûch en it is in goeie snein.
Sa is it ek de nacht oer nei moandei. De wyn dy’t der is, komt út it noarden. By it sinne-opkommen, tsjin seizen, dejinge dy’t it grutte ljocht sjen woe, dat koe even letter net mear. It waard algau bewolke, de temperatuer kaam noch oant 15 graden. Middeis in buike mei in hurde noardewyn, fier fan moai waar. Hjerstwaar!
Nei de nacht nei tiisdei mei hurde noardeastewyn docht de sinne syn bêst dêr’t hy de kâns krijt, yn dizze buiïge loft. Sa begjint dizze moarn fan de 16de maaie. It hat hjoed in frisse dei west. De temperatuer wie goed 14 graden mei sinne en sa no en dan ek noch in pear drippen. Dat smiet gjin wetter op, mar yn de nacht en hjoed 2 mm. It is wat fan dat tuskenbeide waar, mar posityf is dat it waarglês foarút giet, dus der komt oar waar oan.
Ek op woansdei giet it waarglês noch foarút, it stiet hast al op ‘bestendig’. No de noardnoardeastewyn der noch wei, en wat rêstiger waar, want it is no mei dizze stevige hurde wyn te kâld foar maaie; mar it komt goed. Is dat sa? Ja, dat is sa!
En dat hat ek sa west, mar wat fris op ’e wyn, mar 14 graden. Ja, nachts net, it sil wer in kâlde nacht wurde mei 5-6 graden, mar wol drûch.
En dan is it tongersdei: Himelfeartsdei. De dei begjint earst bledstil, mar even letter komt der dochs wat wyn en wol út it easten, mar de start is griis. De sinne hat alris even troch de wolken kipe tsjin de middei, mar hy hat it dreech. It is dan wol 15,5 graad. Letter op ’e dei krije wy mear sinne en wy hienen wol in moaie dei.
Freed start mei in helderblauwe loft, de wyn komt noch út it easten, mar op ’e middei is hy wer noardeast en dêrmei is it wer frisser. In komplete simmerdei mei in temperatuer fan 17,5 graad. Mar de wyn is kâld. Dochs in moaie dei.
De nacht nei sneon hat wer west en mei de wyn dy’t no wer echt út it easten komt, begjint dizze dei, en ek mei in moaie sinne-opkomst. Lykwols ferdwynt de sinne en sa binne alle dagen wer oars. Sa ek mei de wyn: tsjin de middei alwer noardeast, en hy hellet oan ta echt hurd. Mar it is in sinnige, drûge dei mei in temperatuer fan 18 graden, dus wer in moaie dei.
Snein begjint moai mei al syn muzikale klanken, mar bûten is it wat griis mei in stevige noardewyn, mar stadichoan komt der mear sinne en wurdt it ek noch 18,5 graad. Mar in moaie snein kin it net neamd  wurde, want it waait te hurd. En it waarglês sakke al, it koe net útbliuwe.
Yn de nacht nei moandei wienen de earste buikes der al fanút it noardeasten; dêrmei in bewolke start mei hast 5 mm yn de mjitter oer de nacht. Yn ’e middei om 12 oere hienen wy de lekkere temperatuer fan 20 graden, mar it waard wat frisser doe’t de wyn yn de middei mear it noarden opsocht.
De rûzige nacht nei tiisdei is wer foarby mei de hurde noardnoardwestewyn, mar it wie wol drûch. It is griis en it docht wat hjerstich oan. De earste snee is wer fan it lân en sit ûnder it plestik of sit yn it plestik, en sa sjogge wy mar wer: it waar hat dizze kear net meiwurke, mar it giet wol troch. Fierder in goeie dei, mar it waaide wynkrêft 7, in heale stoarm.
Woansdeitemoarn start mei de sinne en noch mei in hurde wyn út it noarden. De loft is wat skierblau, mei hjir en dêr in wolkje, mar hjir skynt it grutte ljocht trochhinne. Yn de lijte in temperatuer fan 20 graden, mar op ’e frisse noardewyn is it 16-17 graden. De wyn hat him letter op de middei deljûn. Dat alles meimekoar in goeie dei.
Nei de nacht is it tongersdei 25 maaie. It is in grize bewolke start, mei de wyn út it noardeasten. De temperatuer is 14 graden yn ’e lijte. Mar wy krije oerdei mear sinne. Mar dan hellet de wyn ek wer oan en it is in kâlde wyn. Sels mei al dy sinne kin de temperatuer net heger komme as 13 graden. Op ’e middei komt it lang net oan in moaie dei ta: roetkâld. Ik wol it hast net sa neame, mar op ’e wyn is it sa.
Freed: mei in grize blauwe loft start dizze dei, mar de sinne komt der wol trochhinne. De stevige wyn dy’t no út it noardnoardeasten komt wol ek hjoed wer meidwaan. It is om 9 oere 14 graden. Mei sinne en bewolking en de wyn dy’t op ’e middei echt yn it noarden bedarret, komt de temperatuer net folle heger. 
Nei in hast wynstille nacht komt as it wer ljocht wurdt de wyn dy’t der is út it eastnoardeasten. Under in blaugrize loft dêr’t de sinne ek sa no en dan de romte krijt op dizze sneon de 27ste maaie. It is de fyfde dei alwer dat it drûch bliuwe sil en wy hawwe in hiele moaie dei hân. De sinne hat der folop by west de hiele dei. It wie hearlik waar mei in temperatuer fan 20 graden oant yn ’e middei. Letter helle de wyn wer oan en bedarre er wer yn it noarden en de temperatuer moast 3,5 graad ynleverje en de jas moast wer oan. Dochs in moaie dei.
Pinkstersnein, de start mei echt sneins waar: folop sinne mei in rêstige noardnoardeastewyn. Oerdei mei in temperatuer fan 20 graden. Op ’e middei hellet de wyn wer oan, en om 6 oere is it bewolke. Dêrmei wurdt it wer 3 graden frisser. Mar jûns om healwei 9 is de bewolking wer fuort en hawwe wy in skjinne loft mei sinne oant dy om tsien minuten foar tsienen ûndergiet.
Pinkstermoandei: nei in grize start komt healwei de moarn de sinne derby. De wyn dy’t noch út it noardnoardeasten komt, lit him jilde en dêrom wol de temperatuer ek net heger komme as 15 graden. Letter op ’e dei giet de wyn noch wat troch it noarden en is it foar de fytsers fan de Alvestêdetocht in drege en kâlde tocht. In plom foar dy trochsetters, want yn ’e lijte de waarmte fan de sinne, mar op ’e dyk de kjeld fan de kâlde hurde noardewyn. In pluspunt fan sa’n tocht: je hawwe de helte foar de wyn, en it hat drûch west en it bringt in bulte gesellichheid en meimekoar wêzen. In superdei foar Fryslân.
En dan is it tiisdei, mei in grize start en de wyn út it noarden, mei yn de moarntyd noch in hiele lichte stower. mar wy hawwe de sinne soms ek sjoen. Dochs in bewolke kâlde dei, en de wyn hat him rêstich holden. It koe noch 14,5 graad wurde.
Woansdei: de dei begjint sinne-oergetten, mei de wyn dy’t der is út it noarden. Letter op ’e moarn komt der wat bewolking, mar de sinne bliuwt ek. De wyn hellet oerdei ek wer oan, en dan is dat it fierder. Yn de lijte is it simmer, 20 graden, mar op ’e hurde eastewyn moat de jas oan.
En dan is it tongersdei, mei in grize start en mei in hurde noardewyn, in kâlde wyn. De temperatuer, op de earste junydei, koe yn de lijte krekt 14,5 graad helje. De sinne hat fan fiif minuten foar healwei seizen oant trije minuten foar tsienen achter de bewolking sitten. It kin hast net wier wêze, mar it is sa. Ek kamen der sa no en dan dripkes út, en dan te betinken, ik haw der alris wat oer heard: de Sinezen kinne it waar regelje, en fierder tinkend: Soe... hjir of dêr ek sa’n Sinees omspringe...
Freed in grize start. De wyn dy’t noch út it noarden komt, docht it wat rêstiger oan. Nei tsienen komt de sinne der mear by, mar de noardewyn ek. Fierder goed waar mei in temperatuer fan 18 graden op in sinne-oergetten middei en jûn.
Sneon, tsjin healwei seizen, sjoch ik in pear reade stippen op de hoarizon yn it easten, en even letter, dêr stiet de reade bol, it grutte wûnder al. En sa begjint dizze dei mei noardeastewyn mei in blauwe himel en hjir en dêr in wolkje. Wat in moaie dei mei 20 graden; yn ’e lijte sels 25 graden. Oant de sinne ûndergiet om 3 minuten foar tsienen kinne wy him folgje. In simmerdei! Wat moai dizze tredde juny.
Nei de nacht is it snein. Dy begjint mei sinne en bewolking en mei de wyn út it noarden. Yn ’e sinne yn ’e lijte kin it noch goed 18 graden wurde, mar op ’e wyn is it 14 graden. It is in frisse snein.
Moandei begjint griis. De wyn dy’t der is komt út it noardeasten, mar oerdei hellet er oan en giet wer nei it noarden. Wy hawwe wer in hiele moaie dei. De sinne is simmersk, mar de wyn kuollet it 2,5 oant 3 graden ôf en sa kin de temperatuer net heger komme as 17,5 of 18 graden.
Mei in stevige noardeastewyn is it tiisdei, wat griis bewolke, dêr’t de sinne ek troch komt. Dat is it begjin fan dizze nije dei. Fan ’e middei om 2 oere yn ’e sinne en yn ’e lijte is it boppe de 20 graden. Op ’e wyn moat de jas oan, en it hâldt op mei 14, 15 graden. It is kâld. Wat in apart waar, ûnfruchtber waar. It kin net groeie mei sa’n kjeld.
Hjoed is it woansdei de 7de juny. Dy begjint griis. Nei in hast bledstille nacht hellet de wyn op ’e moarn alwer oan fanút it noardeasten. Op ’e middei komt er fanút it noarden. In moaie sinnige dei mei in kâlde noardewyn; dêrmei gjin simmer, mei hast 19 graden.
Tongersdei in moaie start mei de sinne yn in helderblauwe loft, mar wer dy stevige wyn út it noardeasten, de hiele dei. It wie wer in simmerdei, mei yn de lijte yn de sinne 20, 21 graden, mar op de wyn moast de jas wer oan. Mar it moaie waar komt der oan!?
Dan is it freedtemoarn. De wyn is wat mear eastlik, mar it waait noch hurd. Ek is der folop sinne. De temperatuer is op ’e ein fan ’e moarn 23 graden. It is hearlik waar. De wyn dêr’t wy juster in jas foar oanlutsen, dy is der no net, mar dy wie no wol wolkom. Wat in feroaring de iene op de oare dei: simmer yn Fryslân, oant de sinne om tsien oere ûndergong.
Nei de nacht is it sneon 10 juny. De wyn komt no echt út it easten, ek wêr’t de sinne fan ’e moarn om 5.20 oere opkommen is. It sil hjoed wer in simmerdei wurde, mar de wyn is oerdei it noardeasten net fergetten. Dat komt no hiel goed út, want mei de temperatuer fan hjoed, 25, 26 graden, past dizze frisse wyn der hielendal by. Al mei al in prachtige dei.
Snein start alwer sa moai: sinne yn in prachtige blauwe himel. De wyn dy’t der is komt út it easten. Oerdei hawwe wy wat steapelbewolking. Mar yn ’e rin fan ’e middei waard dat wer wei. De temperatuer wie 27, 28 graden. Der wie gelokkich wat wyn, mar yn ’e sinne wie it te waarm. Wat in simmersnein!
En sa begjint ek dizze moandei: sinne-oergetten, mei de wyn dy’t der is noch út it easten, mar middeis nei tolven al út it eastnoardeasten. En doe wie de temperatuer al 28 graden, wol mei wat steapelbewolking wer, mar wat wer in moaie dei!
Sa begjint tiisdei ek. Moarns daliks sinne-oergetten, mei de wyn út it noardeasten. Letter wurdt de wyn hurd, heal stoarmich, mar dochs ek noch 25 graden. Middeis sit de wyn wer yn it noarden. Nettsjinsteande de hurde noardewyn in moaie dei.
De woansdei, 14 juny, begjint wer sa moai mei de sinne fanôf de hoarizon yn it easten yn in helderblauwe himel, mei de wyn no wer út it noardeasten yn dy skitterjend moaie natuer om en by Tsjom hjir midden yn Fryslân. Want hjir is hielendal neat mis mei de natuer. De wyn siket yn de middei wer it noarden mear op en it waait echt hurd, mar de temperatuer komt dochs wer op 25 graden. Lân en bou wurde echt drûch. It waait echt te hurd foar in moaie dei.
Tongersdei begjint al sa moai. De wyn dy’t no wer út it noardeasten komt, docht it rêstich oan, ûnder in hielendal blauwe loft. In werhelling fan juster, útsein de wyn. Dy komt begjin fan ’e middei út it noardwesten en de temperatuer komt wer op 26 graden. Mei dêrom in moaie dei, mar soms wol wat bewolking.
Freed 16 juny begjint alwer sa moai. De wyn dy’t der is komt út it noardwesten, de temperatuer is wer 26 graden, mar de wyn joech wol wat frissichheid. Wol wer in moaie dei hjoed.
Sneon begjint griis, mar dat duorret net sa lang, want algau komt de sinne derby. Dy wol hjoed ek wer meidwaan. De wyn komt noch út it noardwesten, mar docht it rêstich oan. De temperatuer kin op de lije plakken 27 graden helje. Wy hienen wer in moaie dei mei soms wat sluierbewolking.
En moarn is it snein de 18de juny, trije dagen foar de langste dei. Dizze snein begjint griis en it hat al tolve oere west, dan is it noch sa. Wy hawwe de sinne dan noch net sjoen, mar it is wol hearlik waar. It is bledstil en de temperatuer is al 20 graden. En it is ek drûch. Mei bledstil waar komt de wyn oeral wei en dat hat de hiele snein ek sa west.
Dan nei de nacht is it moandei, en dan is it hiel oars. De blêden oan beammen en struken hawwe it der mar drok mei. Hoe’t it waait wit ik net, mar alles wat los sit, is yn beweging. De wyn komt dêrby út it súdwesten. Wy sitte ûnder in hiele grize loft, mar it is noch drûch om tsien oere moarns. Letter noch in pear motdrippen, mar dêrnei klearret it op en wurdt it ek noch hiel moai waar, mei in temperatuer fan 25 graden.
Tiisdei is it wer oars. De dei begjint bledstil, letter komt de wyn út it easten mei in grize bewolking dêr’t de sinne sa no en dan trochhinne komt. It is in moaie start, mei al in temperatuer fan 20 graden. Op ’e middei wurdt de loft al buiïch yn it súdeasten. Yn de jûn en nacht falle út dy wolken felle buikes  mei 22 mm wetter en dat is geweldich foar de natuer, foar de bou en de greide en foar alles dat libbet.
En dan is it woansdei nei in rêstige nacht, mei de wyn dy’t der noch is út it súdwesten. De sinne docht daliks ek alwer mei en soarget dat it wer simmers oanfielt. De jas hoecht net oan; de temperatuer is tsjin tolven alwer 29 graden. Wat in moaie dei, dizze langste dei, 21 juny. In pronkje.
Dan tongersdei. Nei in rêstige nacht is it bledstil, ja, echt bledstil. Der beweecht gjin bledsje oan de beam en de mole draait ek net. De hoanne op ’e toer wit ek net wêr’t hy it sykje moat, en dan wit ik it ek net, mar de sinne ferljochtet de wrâld om njoggen oere alwer, nei’t it fan ’e moarn earst wat rêstich wie. En sa sil it allegear wol wer goed komme, want de ûnderste blêden fan de beammen komt ek alwer beweging yn. En ‘it hâldt net op’. Wat sit dy natuer dêr’t wy yn libje meie dochs skitterjend moai ynmekoar en wa is dat, dy natuer?
De wyn dy’t der hjoed is komt út it noardeasten, mei de sinne derby hat it fan ’e moarn 28 graden west, mar der is bewolking by kommen en de wyn is noch wat oanhelle. Dêrmei wie it fan ’e middei 22 graden. It hat hjir wol de hiele dei drûch west, dus in moaie dei.
En dan is it freed, mei in stevige wyn út it noardwesten, mei bewolking, mar ek mei sinne. Letter op ’e dei kaam de wyn út it westen en kâld! Wat wie de wyn kâld. It paste hielendal net by it waar. Yn de lijte wie it 24, 25 graden. Dêr koenen je yn it himd, mar yn de wyn op ’e fyts moast de jas oan. Ik fûn it wol hiel apart. Ik wit wol, de wyn kaam wol oer see, mar de sinne wie folop oanwêzich. Ik haw ek even tocht: hoe kin dat yn de simmer? Fierder in goeie dei dizze freed.
Sneon is it griis yn it noarden, mar der sitte blauwe plakken yn de loft. De wyn komt út it súdwesten en docht it rêstich oan. De sinne lit it ek noch even ôfwitte op dizze 24ste juny. Mar letter op ’e moarn komt er der folop by en wy krije in hiele moaie dei. It hat 30 graden west; wat in moaie dei dizze sneon.
Dan snein. De start kin net moaier. As wy de natuer om ús hinne sjogge en wy hearre nei dy skitterjend moaie muuzyk foar Omrop Fryslân, prachtich! Mei de wyn dy’t út de simmerkant komt, it súdeasten, mei de loft dy’t yn in skitterjend blauwe kleur oer ús hinne leit. Wat in moaie snein, in simmersnein mei 30 graden.
Moandeitemoarn lit in grut kontrast sjen. Mei in hurde wyn moat de jas wer oan, in kâlde wyn. Ein fan ’e middei bekomt de wyn wat en wurdt it dochs noch 22 graden. Mar wol in hiel grut ferskil mei juster. Ik set hjir wol in fraachteken by. Wy sille sjen hoe’t it fierder giet, want moarn komt der wer in nije dei.
En dan is it tiisdei. Dizze nije dei begjint fan ’e moarn om kertier oer fiven mei sinne yn in helderblauwe loft. De wyn dy’t der is komt út it westen. In moaie start, mar algau komt der bewolking en hellet de wyn oan, en dan is it wer oars. De sinne koe de temperatuer hjoed op 23 graden krije yn ’e lijte, mar de stevige wyn wie echt kâld. Op ’e wyn moast de jas wer oan. Gjin groeisum waar. It greidelân dat ophege is mei meststoffen, dat docht noch wat, mar oars komt der mei dy kâlde wyn net folle fan. Ek hjoed net, en dat mei de sinne ek noch op it heechst.
Nei in bewolke nacht mei wat wietichheid (2,5 mm) is it woansdei. Ek om 9 oere noch is wat wy sjen kinne oerdutsen mei in grize tekken dêr’t sa no en dan ek noch wat útfalt. De wyn dy’t der is - mar der is hast gjin wyn -  komt út it súdwesten. De wolken hingje sa leech, it is der noch tsjuster fan by my yn de keamer. It ljocht moat op as ik dit opskriuw. Der is oerdei wat mear wyn kommen en de temperatuer skommele wat tusken de 20 en 22 graden. Ek hat it noch efkes 25 graden west. En dat sûnder sinne. Dy is pas jûns nei seizen efkes foar it ljocht kommen en ek noch yn in hielendal skjinne loft. As ik it net opskreaun hie, dan hie ik it net witten. Wol in hiel bysûndere dei. Noch even oer hjoed. Gjin twa oeren letter wie it wer ien grize boel. Hoe kin dat dochs?
Tongersdei 29 juny wer in nije dei. Wer griis en wiet. De wyn dy’t der is komt noch út it súdwesten. Der komme gjin plonzen wetter, mar op it garaazjedak hjir foar my steane wol plaskes. Alwer 2 mm en it bliuwt mar griis. En sa no en dan in snjitter. De temperatuer is ek goed, fan ’e middei om 12 oere 20 graden. En dat giet ek de middei en jûn troch. Mar der feroaret middeis al wat. It wurdt frisser; de wyn giet ek wat omheech. Dy komt begjin fan ’e jûn út it westnoardwesten. Wy hawwe de sinne hjoed net sjoen, dy siet de hiele dei achter in dik pak bewolking. 
Dan is it freed, de lêste dei fan juny, en it is wer oars. Der is bewolking, mar ek sinne. De wyn dy’t der is komt út it westen. Letter op ’e dei komt er út it súdwesten en hellet oan ta hurd. De temperatuer is om-en-de-by 20, 21 graden. Mar op ’e wyn fielt it fris oan. Ek de bewolking nimt wer ta. Fan ’e middei sitte der yn it súdeasten enoarme tongerkoppen. Dat it hat net oeral drûch west. It wie hjir fierder goed, mar de wyn makke der net in simmerdei fan. It wie hjir wol drûch. Wy sille sjen wat it tredde fearnsjier ús bringt.

Knilles Rusticus
 
 
Prikbord overzicht
 
 
LOLLUM WAAKSENS
 
© 2024 Lollum-Waaksens.nl | WMMEDiA